Jubileum openluchtspel Hindriks Gryt
Hanna van Hendrik wie yn 2019 en 2022 in grutskalige foarstelling op Vliegbasis Twenthe, op trije lokaasjes en mei oer beide jierren byinoar mear as 100.000 taskôgers. It stik fan goed twa oeren mei skoft fertelt it ferhaal fan widdofrou en boerinne Hanna, dy’t yn de santjigger jierren har ferstoarne man Hendrik noch hieltyd om har hinne hat. Trou oan him en oan har âld boerelaach set sy it bedriuw troch. Mar de skaalfergrutting tsjinnet him oan: der moat in molktank komme, de púnreed moat in betonpaad wurde, der komt in ruilferkaveling. De bank wol gjin kredyt jaan oan Hanna har bedriuw sûnder opfolger dat mar amper út kin. Wy sjogge de striid fan Hanna om de nije wurklikheid te akseptearjen.
Ik meitsje in nije Fryske ferzje fan it stik, mei deselde personaazjes en itselde ferhaalferrin. De boereopstân fan Tubbergen wurdt lykwols ferfongen troch de striid yn Jobbegea om it suvelfabryk. Boppedat bewurkje ik it stik sadanich dat it spile wurde kinne op it plak yn de bosk dat jim foar eagen ha. Fierder wurdt Aysja de beppesizzer fan de boerinne, dy’t gjin aan hat fan it ferline fan har mem op de pleats. De Twintse en Nederlânse dialogen set ik om yn Fryske. De titel fan de bewurking wurdt ‘Hindriks Gryt’.